Stekjes

Op meardere krúspunten op it N 359 (Burchwerterhoeke en Wommels Noard) wurdt hast it hiele jier in snelle fytsoergong keard troch de bekende reade stekjes. As lisfytser ferflok ik dy dingen hielendal omdat it mei in bytsje gong in gehannes is om der tusken troch te fytsen. Mar yn de wintertiid is it oars. Dan steane de stekken iepen. Dan soe ik de dyk mei gong oerstekke kinne.
Dat doch ik mar net.

Dat dogge sommige auto's wol.
Wat in ûngemakken dêr. It soe helpe kinne dat dy stekjes in jierke ek op de dyk steane; dat de sjoffeurs fan de auto's harren stjoerkeunsten sjen litte moatte om de krúsing oer te stekken.

Mar no is it wintertiid.
Yn dizze wintertiid is fytsminskelibben minder wurdich as yn de oare moannen fan it jier. Alteast dat soene je hast sizze at je dêr no lâns fytse.
De stekjes steane fanôf begjin desimber iepen.
Wierskynlik om strui auto's de romte te jaan bij glêdens.

1 opmerking:

  1. Hardstikke jaomer dat's diech in dien eige taölke schreifs, want hei begriep iech es Mestreechteneer hielemaol niks vaan.

    BeantwoordenVerwijderen