Ferslaving

"Verslaving is een toestand waarin een persoon fysiek en/of mentaal van een gewoonte of stof afhankelijk is, zodanig dat hij/zij deze gewoonte of stof niet, of heel moeilijk los kan laten. Het gedrag van de persoon is voornamelijk gericht op het verkrijgen en innemen van het middel, of het handelen naar de gewoonte, ten koste van de meeste andere activiteiten. Als het lichaam deze stof of gewoonte dan moet loslaten kunnen er ernstige ontwenningsverschijnselen optreden bij deze persoon".

Wat in begjin fan myn earste stikje tekst op "Blijdatikfiets"! Unyk foar mij. Want myn toetseboerd kin allinne mar Fryske letters. Ik haw de boppesteande tekst dan ek kopieard en plakt fanút Wikepedia. Fan dat kopiearjen en plakken rekket myn toetseboerd net fan oerstjoer. Jim begripe it fansels al: myn stikjes wurde Fryske stikjes. Want ik ûndergean mei nocht in twatal ferslavingen. De Fryske taal en it fytsen. Ik bin der net foar opnommen. Ik stean ek net ûnder tafersjoch fan ien of oar buro om mij fan myn ferslaving ôf te helpen. It is krekt oarsom. Ik krij it gefoel dat ik hieltyd mear romte krij om myn ferslaving stevich yn mij sels te ferankerjen.
Moai dat wij mei-elkoar de fyts en it fytsen sintraal stelle op dizze blog. Want oer it fytsen is altyd wat te skriuwen. Fan dizze wenwurkferkearfytser en fakânsjefytser sille jim grif mear lêze. En at jim freegje wa bisto, dan sitear ik in tekst út it teaterprogramma fan Sult
"Ik wol wêze wa't ik bin
myn woartels hoedzje dêr't ik kin
Myn wjukken útslaan nei eigen sin
it libben boartsje sa't ik bin"



Yn de simmer fan 2010 fytsten wij fan Basel nei Wommels en kamen bij de Lorelei lâns. It plak wêr't de Rijn bochtich is en wêr't no de skippen allegear lizze te wachtsjen op in sonken tanker.
Skriuwe dat doch ik ek op op dizze blog

Geen opmerkingen:

Een reactie posten